Rein helpt net in soad yn striid tsjin wettertekoart

De rein fan de lêste dagen hat noch net folle ynfloed hân op it delslachtekoart yn Fryslân. Dat leit om de 225 milimeter hinne, seit it wetterskip.
© Srfotografie
Mei de rein dy't we de kommende dagen krije, sakket it delslachtekoart mar in lyts bytsje, rjochting de 200 milimeter. Dat ferwachtet it wetterskip.
De grûnwetterstannen rinne wat op, mar se binne neffens it wetterskip noch altiten te leech foar de tiid fan it jier. It probleem is it grutste yn it westlik part fan de provinsje.