Der komt in Mountainbike-Alvestêdetocht, en in Fytsalvestêdetocht-Plan B

Der komt wer in Alvestêdetocht foar mountainbikers. Yn it ferline barde dat al in oantal kearen mar de nije edysje wurdt organisearre troch de minsken efter de tradisjonele Fytsalvestêdetocht. De earste MTB-edysje stiet pland foar septimber 2021. Yn twa dagen moatte alle alve stêden oandien wurde. Dat moat feilich barre, lykas mei de gewoane Fytsalvestêdetocht. En dêrfoar hat de organisaasje al in Plan B.
Mountainbike © Shutterstock.com (sportpoint)
Dy mountainbiketocht sil net deselde rûte krije as de gewoane Fytsalvestêdetocht. "Wy besykje de rûte sa oan te pasjen dat it oer ferhurde as net-ferhurde paden giet," seit Stephan Rekker fan de organisaasje.
Dat sil noch net fuortendaalks foar in hiel soad minsken wêze. "Wy sette rêstich útein mei opbouwen. Je moatte earst tinke oan sa'n 800 minsken op syn meast. Dan sjogge wy dêrnei wol fierder. Wy hâlde ek rekken mei it coronafirus."

Plan B foar Fytsalvestêdetocht

Itselde jildt foar de gewoane Fytsalvestêdetocht. "Mei de Fytsalvestêdetocht binne wy drok oan it sjen nei in plan B, sa't der wol fytst wurde kin. De opset dêrfoar sil der wol hiel oars út sjen, as corona der noch is. Wy hoopje wol dat it op de tradisjonele pinkstermoandei kin, mar wy hoopje yn elts gefal dat it trochgiet."
Rekker: "It kin bêst wêze dat je net nei ien dei gean, mar nei acht wiken. Dat je oeral starte en oer de finish komme kinne. In hiele oare opset, mar dat der wol op in feilige wize fytst wurde kin. En dat minsken ek de telling en de medalje krije fansels. It kin ek seis wiken wurde, mar yn elts gefal in sprieding oer in langere perioade. Sa't je rekken hâlde kinne mei de 1,5 meter. Je moatte mar sjen hoe't it wól kin."

Opnij oppakke

"Der wie al ris in Alvestêdetocht foar mountainbikers, mar dêr binne se doe mei opholden. Wy hawwe ek kontakt hân mei de organisator en sein: dit is oanfoljend foar Fryslân, ek fytsen. Wy pakke dit yn de takomst op," seit Rekker. "Fytse is gewoan yn. De measte aktive fytsers fytse gewoan it hiele jier troch. Ek op de mountainbike."
Stephan Rekker fan de organisaasje