Sân fertochten yn drugssaak-Easterwâlde allegear langer fêst

De sân fertochten yn de saak fan de ynternasjonale wapenhannel fanút de Kringloop yn Easterwâlde bliuwe allegearre noch trije moannen langer fêst sitten. Dat hat de Ljouwerter rjochtbank moandei besletten yn de twadde pro-formasitting yn dizze saak.
Ferslachjouwer Onno Falkena by de rjochtbank:
Onno live
By ferskate fertochten achtet de rjochtbank de kâns frij grut dat se op 'e nij strafbere feiten plege sille as se frijkomme. Ek fynt de rjochtbank it belang fan de straffoardering - it útsitten fan de straf dy't de minsken krije - grutter as de persoanlike belangen fan de fertochten.
De saak giet om ynternasjonale wapenhannel en ynternasjonale drugshannel. Wapens kamen út East-Europa en waarden yn Nederlân en België ferhannele. Justysje die ein febrewaris op 17 plakken ynfallen yn Noard-Nederlân. By de sykaksjes fûn de plysje ûnder oare kalasjnikovs, mar ek oare swiere wapens en drugs. It haadkantoar wie de kringloopwinkel yn it sintrum fan Easterwâlde.
Moandei kamen mear details nei bûten op de pro-formasitting. Sa waard in besletten groep op Telegram brûkt om ûnderling te kommunisearjen, mar ek om wapendeals te sluten. Dy ynformaasje komt yn it dossier, dat pas yn oktober hielendal klear wêze sil. Yn dat dossier komme ek hûnderten oeren oan telefoantaps, wêryn't ek belêstende saken sein binne, fertelt ferslachjouwer Onno Falkena, dy't de saak folget.

Twa gesichten

"De 35-jierrige haadfertochte út Easterwâlde liet twa gesichten sjen yn de rjochtbank", seit Falkena. "Oan de iene kant wie er kwetsber: hy hat lêst fan sliepapneu, fielt him net noflik yn de finzenis, is net hielendal fit en mist syn bern bot. Dat lêste komt ek trochdat der fanwege corona hielendal gjin besite tastien wie. Mar yn de slotferklearring sei er dat er net yn wapens hannele, mar yn bitcoins en goud. Hy easke fan justysje dat se syn SD-kaarten werom jouwe."
De advokaten fregen om frijlitting foar de kliïnten. Neffens Sonny Jansen, advokaat fan de haadfertochte, wurdt syn kliïnt fêsthâlden foar 'aannames zonder onderbouwing'. Hy jout oan dat er de telefoantaps noch altyd net hearre kind hat, om't it Iepenbier Ministearje en de rjochtbank de opnommen petearen earst sels nochris hearre wolle. Jansen fynt de ynformaasje dy't er fan it iepenbier ministearje krijt 'te mager en te laat'. "Ik ben daar zeer geïrriteerd over, dat mag u gerust weten."

Ferfolch yn it neijier

It dossier soe septimber klear wêze, dat wurdt no begjin oktober. Heal oktober komt der dan in rezjysitting. De ynhâldlike behanneling komt yn novimber en desimber. Dan wurdt echt dúdlik hoe sterk oft justysje stiet yn de saak.