"Ynvestearje yn wenning kin yn measte gefallen wol út"

It falt foar wenningeigeners net ta om ynvestearrings yn it enerzjyneutraal meitsjen fan harren hûs werom te fertsjinjen. Dat seit It Planbureau voor de Leefomgeving. De ynvestearrings binne te heech of de subsydzjes te leech. Foar de measte hûseigeners is it dêrom better om ôf te wachtsjen oant de regelingen better wurde. Lytsere ynvestearrings as bygelyks sinnepanielen kinne wol út. Bouwe de Boer, projektlieder fossylfrij Fryslân, fynt it spitich dat dit sa sein wurdt.
© Omrop Fryslân
Neffens Bouwe de Boer kin it wol út yn de measte gefallen. "Fryslân hat sa'n 300.000 wenningen, dêrfan binne 100.000 hierwenningen en dy wurde troch de koöperaasjes enerzjyneutraal makke. De rest is fan partikulieren en tsientallen minsken binne no al mei dwaande mei sokke ynvestearringen."

Kies it goede momint

Hy rekkenet foar dat in húshâlding gemiddeld 1.000 euro oan stroomkosten en 1.000 euro oan gas yn it jier kwyt is. "It regear hat sein dat de gaspriis bytsje by bytsje omheech giet, dus de rekken giet ek omheech. Isolearje is djoer, mar kies in goed momint út datst bygelyks toch al ferbouwe silst. De measte minsken dogge ienris yn de 20 jier in grutte ferbouwing of se ferbouwe by in ferhuzing."
"Krijst net inkeld in legere enerzjyrekken mar it is ek in ynvestearring yn it komfort fan dyn hûs, mei in waarmere flier en dat it net mear siicht."
Bouwe de Boer