Brûns foar Anouska Koster op NK hurdfytsen

Hurdfytser Anouska Koster fan De Westereen hat sneontemiddei op it Nederlânsk kampioenskip knap brûns wûn. It poadium yn Drinte, dêr't it NK holden waard, wie tige sterk. De winst gie nei Olympysk kampioen Anna van der Breggen, wylst wrâldkampioen Annemiek van Vleuten twadde waard.
© Orange Pictures
De froulju moasten yn Wijster santjin omlopen ride fan elk 7,3 kilometer. Elke omloop moasten se twa kear oer de saneamde VAM-berch, in klim mei útsjitters oant wol 24% stiging. Mei troch reinbuien wie it in tige swiere koers.
Koster, de kampioen fan 2016, kaam al betiid yn koers yn in kopgroepke telâne, tegearre mei Van der Breggen en har ploechgenoat Jip van den Bos. Dêrachter wie it Annemiek van Vleuten dy't hieltyd tichteby kaam. Dat wie foar Van der Breggen genôch om foaroan fuort te fytsen. Yn de efterfolging besocht Koster noch oan te heakjen by Van Vleuten, mar dat slagge net. Wol slagge se deryn om Van den Bos foar te bliuwen yn de striid om it tredde plak.