Boppeboukoördinator Hooijmaaijers: "Lesgeven is niet een steriel beroep"

Op middelbere skoallen wurdt wraksele mei hoe't der omgien wurde moat mei it coronafirus. De learlingen hoege ûnderling gjin 1,5 meter ôfstân te hâlden, mar by in dosint jildt dy maatregel wol. Ferslachjouwer Auke Zeldenrust seach op it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert hoe't se dêr op de earste lesdei mei de maatregels omgean en alles yn goede banen liede.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Boppeboukoördinator Eelko Hooijmaaijers fynt de earste lesdei spannend. "We gaan afwachten wat er gaat gebeuren: of er nieuwe maatregelen bij komen en of het lukt om leerlingen uit elkaar te houden." Om't coronabesmettingen de ôfrûne tiid mear en mear barre ûnder jongerein, hat de skoalle in soad maatregels naam om de bern te sprieden. Hooijmaaijers: "Ook hebben we voor de bovenbouwklassen maatregelen genomen om te zorgen dat er geen contact is met het schoolpersoneel binnen 1,5 meter."

'Steryl berop'

Dat docht de skoalle troch derfoar te soargjen dat learlingen al yn it lokaal sitte as de lessen begjinne. En learlingen wurdt mei klam frege harren hannen en tafels te ûntsmetten as de lessen begjinne. Lesjaan is lykwols net in 'steryl berop', seit Hooijmaaijers: "Je hebt met kinderen te maken, die elkaar en ons heel lang niet hebben gezien. Ze komen naar je toe om te vertellen hoe hun vakantie is gegaan. Dus die afstand houden alsof je in een ziekenhuis bent, is op een school gewoon niet mogelijk."

"Kinderen ontzettend gemist"

De skoalle hat dúdlike ôfspraken makke, ek mei âlden, as bern klachten krije. "Thuisblijven, laten testen, niet op school komen", leit Hooijmaaijers út. Der binne al learlingen mei sûnensklachten as astma, of mei âlden dy't sûnensklachten hawwe, dy't net nei skoalle ta komme. Ek in oantal meiwurkers bliuwt út foarsoarch thús. Hooijmaaijers is lykwols bliid dat de skoalle wer iepen is. "We hebben de kinderen ontzettend gemist. We merken ook dat leerlingen zelf heel blij zijn dat ze weer op school zijn en elkaar weer kunnen zien."
Boppeboukoördinator Eelko Hooijmaaijers
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De learlingen sels binne benammen bliid dat se wer nei skoalle ta kinne. "Het is fijn om iedereen weer te zien", fertelt in learling. "Ik ben eigenlijk wel toe aan school, want ik ben er zo lang niet geweest. Ik krijg er ook weer ritme van." De lokalen binne aardich fol, mar ôfstân hâlde fan de dosinten slagget noch wol, neffens him.
In oare jonge fynt it ek noflik om wer op skoalle te wêzen. It húswurk fynt er wat minder, mar it kontakt mei freonen hie er mist. "Die afstand met de docent is prima vol te houden." Hy makket him gjin soargen oer besmetting yn de klasse: "Als iemand klachten heeft, blijft die gewoon thuis. Handen wassen doen we gewoon trouw. Als dat het enige is, is dat prima te doen."

"Voelt nog niet helemaal goed"

Dochs is it wol wat nuver om yn it skoft mei sa'n soad minsken yn de kantine te sitten, leit in oare learling út. "Bij volwassenen wordt wel heel goed op die maatregelen gelet, maar wij moeten wel met z'n allen in een volle school. Dat is wel wat apart." Hy fynt it wol fijn dat er wer nei skoalle kin en wat ritme krijt. "Maar toch voelt het nog niet helemaal goed."
Ien learling is benammen bliid dat er wer fysyk les krijt fan dosinten. "Hoewel thuisonderwijs prima werkt, is het wel fijner als iemand het in persoon kan uitleggen of dat er iemand naast je zit met wie je kunt overleggen."
Learlingen fertelle oer harren earste lesdagen