Provinsje Fryslân: net fleane, mar mei de trein fan Hamburg nei Schiphol
As it oan de provinsje Fryslân leit, geane reizen tusken Hamburg en Amsterdam yn 'e takomst net mear mei it fleantúch, mar mei de trein oer it trasee fan de noch oan te lizzen Lelyline. Dat stiet yn de reaksje fan de provinsje Fryslân op de nije loftfeartnota fan it Ryk.

Deputearre Douwe Hoogland fynt dat it Ryk heechnedich mear oandacht ha moat foar de 'ynternasjonale potinsje' fan de Lelyline. Dy kin útgroeie ta in mear as folweardich alternatyf foar flechten fan Schiphol nei Hamburg en Skandinavië, seit Hoogland.
Mear ferwize nei Lelyline
Op dit stuit, yn de coronatiid, binne der alle dagen sa'n fjouwer flechten tusken Hamburg en Schiphol. Neffens Hoogland is it folle better foar it miljeu en it beheinen fan de oerlêst om dy reizgers tenei te ferwizen nei de Lelyline. Hoogland fynt dêrom dat dy ferbining sa gau mooglik opnommen wurde moat yn it aksjeplan Air/Rail, dat rjochte is om koartere reizen mear mei de trein en minder mei it fleantúch út te fieren.
Provinsje wol fan leechfleanen ôf
De provinsje Fryslân wol ek graach fêstlizze dat leechfleanen ûnder de 1800 meter net mear plakfynt, no't it fleanferkear bot ôfnommen is. Der wie earder sprake fan leechfleanen fan en nei it nij te iepenjen fleanfjild Lelystêd. Mei folle minder fleanferkear soe ek it leechfleanen definityf fan de baan wêze moatte, fynt de provinsje. It kabinet is fan doel om de nije loftfeartnota oan de ein fan dit jier fêst te stellen.

Deputearre Douwe Hoogland oer de loftfeartnota