Kollum: "Fedde Schurer syn striid is dy fan ús"

"Wat folget is de tekst dy't ik ôfrûne sneon by de Fedde Schurer-betinking útsprutsen ha. Dy klinkt sa:
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Toan fan Willem Schoorstra
My tinkt, it is in unikum dat in byld trije kear ûntbleate wurdt. Trijeris is skippersrjocht, wol it sprekwurd ha. Dochs jildt dat net foar dizze gelegenheid, om't ik oannim dat it de earste kear, yn 1974, lyksa mei konsideraasje en respekt dien wurden is. Doe stie it byld fan Schurer yn in stripe gers oan it Van Harenspad. Dêr moast it yn 1988, fanwege 'saaklike arguminten' wei, en kaam it by de Wettertoer te stean. Ik wit net oft it doe ek nochris ûntbleate wurden is, want yn dat gefal kin it omheisterjen mei it byld yn it Guinness Book of Records opnommen wurde.
Hawar, wy stean hjir om't it sneon de 25e july in ûnweardige fertoaning wie. De FNP omskreau it barren as 'suterich', mar nei wat ik dêrfan lêzen, heard en sjoen ha liket my dat in eufemisme. It byld siet yn in plestik wrap bewuolle, as ien of oar goedkeap objekt dat sa by AliExpress fan de pallet ôfkaam. It ferwiderjen fan dat plestik hie dan ek mear fan in ordinêre striptease-act, as fan in earbiedich en behearske ûntbleatsjen.
Wie dat der al by troch: it gegeven dat de seremoanje yn it Hollânsk hâlden waard, wie dat noch namste mear. Want Fedde Schurer wie behalve ûnderwizer, haadredakteur, dichter, pasifist en politikus benammen ek in taalstrider. Syn libben stie yn it teken fan it rjocht om jins eigen taal te brûken, ûnder alle omstannichheden en yn alle ûnderdielen fan de maatskippij. Mei dy wittenskip yn de achterholle tsjûget it fan 0,0 histoarysk besef om sa'n betinking yn it Hollânsk te hâlden. Tagelyk is de hiele gong fan saken om it byld hinne eksimplarysk foar de situaasje fan it Frysk.
Us taal bliuwt ommers it suertsje by de boadskippen, in yrritant, lestich fenomeen dêr't it leafst sa min mooglik omtinken oan jûn wurdt. Soks blykt noch mar ris út de rapportaazje fan it Europeeske keur foar regionale en minderheidstalen, lêstlyn. Krekt as it byld fan Fedde Schurer fynt dy taal net in bestindich plak yn de maatskippij, makket it dêr noch altyd gjin logysk, natuerlik ûnderdiel fan út. Wylst der neat natuerliker is as de eigen sprake dêr't je yn grutbrocht wurde, of, as net-Fries, letter mei yn 'e kunde komme. Dat natuerlike aspekt komt it dúdlikst oan de oerflakte by de meast wêzentlike mominten fan in minskelibben, nammentlik berte en dea. De emoasjes dy't dêrmei anneks binne krije it bêste har gerak yn de taal fan it hert, de memmetaal.
Fedde Schurer stried ek foar it skoft dêr tuskenyn. Foar it logysk, natuerlik plak fan it Frysk yn it ûnderwiis, de kultuer, yn it amtlik ferkear, yn de rjochtspraak en yn saken fan bestjoer. De politikus, dichter en sjoernalist stried foar de lykweardigens fan de memmetaal. Dy striid blykt sûnder ein. En einleas is hiel lang. Boppedat is Fryslân mear as de taal. Fryslân is in kultuerbeam mei stevige woartels yn it ferline en, nettsjinsteande bytiden stoarmige wyn, jonge, nije tûken dy't de takomst ynwaakse. Yn dy beam is de taal de libbensstream, it sop dat troch de woartels de tûken fuorret.
Dat dêr foar striden wurde moat, hat Fedde Schurer sjen litten. Syn byld is in foarbyld. Minsken as Schurer jouwe ús en kommende generaasjes de ynspiraasje, de oertsjûging en de moed om de rêch te rjochtsjen, om stean te gean en dy striid fuort te setten. Om't it giet om in ienfâldich, mar o sa wichtich minskerjocht: it jin oer alle boegen uterje kinne yn de eigen taal. As dy libbensstream rint, sil de beam waakse en bloeie.
It byld fan Fedde Schurer ferget us, ropt ús op.
Friezen, wat is dêrop jim antwurd?'"