Oanspield lichem op Skylge nei 67 jier identifisearre
Opnij is in lichem identifisearre dat lang lyn oanspield is op Skylge. It giet om Johannes Garstenveld, dy't yn 1922 berne waard yn Den Helder. It lichem koe identifisearre wurde trochdat neibesteanden dna ôfstien ha, yn kombinaasje mei in eardere dna-match fan de kapitein Andries Penning fan it skip Westland.

Op de Algemene Begraafplaats op West-Skylge lizze stoflike omskotten fan minsken dy't tusken 1953 en 1987 begroeven binne, sûnder dat se identifisearre binne. Yn 2011 binne op de Waadeilannen alle anonime grêven iepene. Der binne bonkefragminten ôfnommen om dêrmei dna fêst te stellen.
Ferline jier waard al Andries Penning identifisearre, de kapitein fan it skip Westland. Hy waard sûnt 1953 fermist. Yn it grêf njonken dat fan Penning lei ek in ûnbekend persoan, dy't trije wiken earder oanspielde. It fermoeden bestie al dat dy persoan mooglik ek op de Westland siet.
Ik raakte verzand in allerlei ingewikkelde stamboomconstructies.
De ôfrûne moannen hat resjersjeur Miranda Wahle drok dwaande west om neibesteanden op te spoaren fan de bemanning fan it skip Westland. "Dit is moeilijker dan je in eerste instantie zou denken. Ik raakte verzand in allerlei ingewikkelde stamboomconstructies." Uteinlik slagge it om yn kontakt te kommen mei de famyljeleden en koene forinsysk resjersjeurs dna fan de famyljeleden ôfnimme.
Ek fan bern fan de bruorren fan Johannes Garstenveld waarden dna-meunsters ôfnaam. It like in mooglike match te wêzen, mar dit koe net mei 100 prosint wissichheid sein wurde. Dêrfoar wie dna nedich út de froulike line fan de famylje. Resjersjeur Wahle: "We komen in contact met de zoon van de zus van de moeder van Garstenveld. Dit leidt tot één mogelijkheid, hij wil dna afstaan en dit blijkt een match!"
De kombinaasje fan manlike en froulike dna levere genôch bewiis op om mei wissichheid sizze te kinnen dat it om in match giet.