F-16-piloat makket foarsoarchslâning op fleanbasis Ljouwert
De piloat fan in F-16 fan de fleanbasis Ljouwert hat moandeitemoarn in foarsoarchslâning makke. De piloat wie dwaande mei in treningsflecht boppe de Vliehors, doe't der wat tsjin syn cockpit oankaam. De piloat hat de trening doe foar de wissichheid ôfbrutsen.

Op de fleanbasis yn Ljouwert wurdt útsocht wat it west hat dat tsjin de cockpit flein is. Mooglik giet it om in fûgel.