Twa auto's botst yn Damwâld

Yn Damwâld binne twa auto's mei-inoar yn botsing kaam. Dat barde op de krusing fan de Haadwei mei de Foarwei. Nei alle gedachten kaam it ûngelok troch in ferkearde ynskatting fan de foarrangssituaasje. It krúspunt by Damwâld is ferneamd om't der wol faker ûngelokken barre. Ien persoan moast troch ambulânsepersoniel kontrolearre wurde en is nei it sikehûs brocht.
© Kevin van der Velde / ProNews
De twa auto's binne skansearre en moatte fuorthelle wurde.