Liveblog | 12 augustus 2020

Coronanijs: 8 besmettings op Skylger camping, spilers fuotbalklups Noardeast-Fryslân besmet

It oantal coronabesmettings yn Fryslân nimt ta. Rûnom wurde minsken posityf test of wurde previntive maatregels naam.
Bywurke: 16 augustus 2020, 11:26
woansdei 12 augustus 2020
23:00

Ein fan dit liveblog

We binne oan de ein kaam fan dit liveblog fan woansdei 12 augustus. Tank foar it folgjen!
18:45

Al it personiel fan Skylger Jumbo wurdt test

De eigener fan de Jumbo yn Formerum op Skylge, Willem Mier, lit al syn personiel teste. Op de camping Appelhof waarden acht besmettingen fêststeld en de gasten fan dy camping komme geregeld yn syn supermerk. "We hadden de hoop dat het ons niet zou overkomen, maar het is toch gebeurd", seit de eigener.
De eigener fan de Skylger supermerk yn petear mei ferslachjouwer Onno Falkena
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
18:28

Gjin Iepen Monumintedei yn Waadhoeke

De Iepen Monumintedagen yn de gemeente Waadhoeke gean dit jier net troch fanwegen it coronafirus. It kulturele evenemint stie pland foar 11 en 12 septimber.
Foarsitter Lia Kolk is teloarsteld: "Het is erg spijtig, maar de gezondheid van een ieder staat ook voor ons voorop."
18:23

Café De Swetser moat ticht

De Veiligheidsregio hat besletten Café De Swetser op It Hearrenfean foarearst te sluten fanwegen it net neilibjen fan de coronamaatregels. Yn de nacht fan snein 9 augustus wienen der te folle minsken oanwêzich, waard der net genôch ôfstân holden, waard der gjin sûnenscheck dien en hienen net alle gasten in sitplak. Ek wie de dûnsflier iepene, wylst dat net tastien is.
17:49

'Fryske boargemasters prate tongersdei oer mooglike ekstra maatregels'

De Fryske boargemasters komme tongersdei byinoar fanwegen de ûntwikkelingen yn it ramt fan it coronafirus yn Fryslân. De boargemasters fan de Fryske gemeenten sille dan prate oer eventuele ekstra maatregels. Dat seit boargemaster Johannes Kramer fan de gemeente Noardeast-Fryslân. Syn gemeente hat te krijen mei in flinke taname yn it tal besmettingen, ûnder oaren by fuotbalklups.
© Gemeente Noardeast-Fryslân
Boargemaster Johannes Kramer
17:20

Ferslachjouwer Onno Falkena op Skylge

Onno Live op Skylge
17:15

Oprop yn Zuidhorn

Buurtwerk yn it Grinzer Zuidhorn ropt de jongerein út dat plak dy't op Skylge west ha thús te bliuwen en harren teste te litten.
17:10

"Ik denk dat iedereen hier corona gaat krijgen"

De jongerein op camping Appelhof op Skylge is bot skrokken troch it nijs dat der besmettingen fêststeld binne by acht jongeren, dy't ôfrûne wike op de camping stiene. "We gaan ons laten testen", sizze in pear fan de de jonge campinggasten yn koar. "Ik denk dat eigenlijk iedereen hier wel corona gaat krijgen", seit ien fan de jongeren.
Ferslachjouwer prate mei de jongerein op Skylge
17:07

Foarsitter Marco Tilma fan VV Ternaard

VV Ternaard
16:58

Testlokaasje op Skylge is bekend

© Omrop Fryslân, Onno Falkena
De testlokaasje op Skylge is bekend: it is in gebou yn Midslân-noard. De GGD rjochtet it testsintrum yn om de minsken op it eilân de mooglikheid te jaan om har gau teste te litten op it coronafirus. De lokaasje giet tongersdei iepen.
16:57

Acht besmettingen op Appelhof

It tal jongeren dat op camping Appelhof west hat en posityf test is op corona is oprûn nei acht. Dat meldt de GGD. De jongeren soenen út ferskate dielen fan it lân komme.
Alle minsken dy't de ôfrûne tiid op de camping west hawwe, hawwe yntusken in berjocht krigen mei dêryn it fersyk om harren teste te litten.
16:10

Ferslachjouwer Onno Falkena op Skylge

Neffens ferslachjouwer Onno Falkena binne se ek op Skylge bot skrokken. "Mar minsken hiene der yn der efterholle ek al wol rekken mei holden", seit Falkena. "It is in stik drokker as ôfrûne jierren op it eilân. De gasten fan de jongereincamping Appelhof komme oeral en nearne wei. Noard-Hollân, de Achterhoek, Grinslân, Noard-Brabân."
Skylge wie al in skoft coronafrij. "Skylge wie in wite flek. Dêrtroch tinke minsken dat se hjir gjin corona krije kinne", seit Falkena. Neffens him is in part fan de minsken de maatregels alwer ferjitten as se fan de boat ôfkomme.
Ferslachjouwer Onno Falkena op Skylge
15:59

GGD skrokken troch besmettingen op Skylge

"Natuurlijk schrikken we hier van. Je hoopt dat het niet gebeurt, maar het is wel gebeurd. We zijn daarom nu heel goed aan het kijken hoe uitgebreid het is", seit Everhard Hofstra fan de GGD. De GGD set dêrom in testlokaasje op op it eilân.
Neffens Hofstra is dit in warskôging foar de rest fan de provinsje Fryslân. "We zien langzamerhand een toename, en dat is zorgelijk", sa seit Hofstra.
Everhard Hofstra oer de besmettingen op Skylge
15:27

Reaksjes fan jongerein op Skylge

Reaksjes fan jongerein op Skylge
15:08

Fuotbalklups yn Noardeast-Fryslân smite kompleksen ticht fanwegen besmettingen

© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Meardere fuotbalklups yn de regio Noardeast-Fryslân hawwe besletten harren sportkompleksen ticht te smiten. It giet ûnder mear om VV Ternaard, VV Blije, VV Holwert, Be Quick Dokkum, VV Wardy út Ferwert en VV Ropta Boys út Easternijtsjerk. Woansdeitejûn nimme noch twa oare klups út de regio in beslút oer de mooglike sluting fan harren kompleks.
Neffens foarsitter Marco Tilma fan VV Ternaard hawwe de klups it beslút mei-inoar nommen. Twa spilers fan syn fuotbalklup binne posityf test op it coronafirus. Ek by VV Wardy binne twa fuotballers posityf test.
14:58

Kafetaria 't Hoekje yn Langwar sletten

Kafetaria en iissalon 't Hoekje yn Langwar slút tydlik de doarren. Se melde dat op harren Facebookside. Neffens de snackbar hawwe der meardere meiwurkers op fakânsje west nei camping Appelhof op Skylge. Op dy camping binne in pear jongelju besmet mei it coronafirus. Neffens de GGD is it mooglik dat sy mear persoanen besmet hawwe. De meiwurkers fan de hoarekagelegenheid yn Langwar wurde earst test, om't sy gjin risiko rinne wolle op it fersprieden fan it firus.
14:57

Wachttiid coronatest nei twa dagen

Neffens Everhard Hofstra fan de GGD nimt yn Fryslân It tal oanfrege coronatesten ta. De wachttiid is op dit stuit 2 dagen. De testkapasiteit sil dêrom fergrutte wurde. De GGD ferwachtet dat de kommende dagen ek mear corona-gefallen út de regio Dokkum bekend wurde.
14:51

Positive testen op Skylge rint op nei seis

Seis jongerein dy't op camping Appelhof op Skylge kampearre hawwe binne oant no ta posityf test op corona. Alle seis wienen yn ien tinte op fakânsje. Se komme út de regio Kennemerland.
14:49

200 Friezen yn karantêne op advys fan GGD

Op dit stuit soene der sa'n 200 Friezen thús yn karantêne sitte moatte. Dizze minsken hawwe dat advys, nei boarne- en kontaktûndersyk, krigen fan GGD Fryslân.
14:48

Camping Appelhof giet ticht

Jongereincamping Appelhof op Skylge slút mei yngong fan moandei 17 augustus syn doarren. Dat is twa wiken earder as de planning. Dêrta hat eigener Geert-Jan van Dieren besletten nei't woansdei bekend waard dat twa campinggasten besmet binne mei it coronafirus. "Het seizoen begint af te lopen, maar nu blijkt dat twee van onze bezoekers besmet zijn geraakt met het coronavirus, gaan we eerder dicht. Gasten worden benaderd om kosteloos te annuleren."
14:47

GGD iepenet testlokaasje op Skylge nei coronabesmettings by campinggasten

GGD Fryslân iepenet tongersdei in tydlike coronatestlokaasje op Skylge. Direkte oanlieding is in positive coronatest by twa Noard-Hollânske jongeren, dy't de ôfrûne wike op camping Appelhof op it eilân ferbleaune.
De twa jongeren út Noard-Hollân testen by thúskomst posityf op it coronafirus. It is neffens de GGD mooglik dat se op 'e camping besmet rekke binne, of oare minsken besmet hawwe yn de earste wike fan augustus. Dit betsjut ek dat oare besikers mooglik ek it firus oprûn hawwe.
© Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
14:45

Keamerlid Van der Molen achter strangere corona-oanpak fan minister

Yn de Twadde Keamer stiet dizze woansdei it coronadebat op de aginda. Frysk Keamerlid (CDA) Harry van der Molen folget dat debat. "Guon minsken kinne har net oan de regels hâlde en witte dat se besmet binne en nimme toch de frijheid om minsken te besykjen en dêrmei besmette se 18 minsken, dan is it dus nedich om minsken stranger oan te pakken."
14:44

VV Ropta Boys skrast trainings en wedstriden

VV Ropta Boys yn Easternijtsjerk skrast alle trainings en oefenwedstriden foar ûnbepaalde tiid, om't ien by de fuotbalklup it coronafirus oprûn hat. Ek de 'Himmeldei' kommende sneon giet net troch.
14:30

Wolkom!

It oantal coronabesmettingen yn Fryslân nimt ta. Op ferskate plakken yn de provinsje wurde minsken posityf test of wurde previntive maatregels naam om't minsken yn kontakt west ha mei minsken mei corona. Yn dit liveblog bringe we it lêste coronanijs.