Brânwacht moat oaljeskerm pleatse by sonken boat yn Jannum
De brânwacht fan Grou hat tiisdeitemiddei drok west mei in boat dy't njonken de Iedyk yn Jannum sonken wie. De brânwacht moast in spesjaal oaljeskerm fan Wetterskip Fryslân pleatse om it fersprieden fan brânstof foar te kommen. It Wetterskip sels waard ynskeakele om it wetter te reinigjen.

De eigener fan de boat moat sels soargje foar it bergjen fan de boat. Hoe't dy krekt sinke koe, is net bekend.