PvdD stelt fragen oer bouplannen yn fûgelgebiet by Balk
De provinsje moat nochris goed sjen nei de plannen foar fjirtich rekreaasjefilla's yn Balk. Dat fynt de steatefraksje fan de Partij voor de Dieren. Neffens de partij komme de filla's foar in part op in terrein dêr't in greidefûgelprojekt rint, dat fertuten docht. De Fûgelwacht fan Balk hat der protest tsjin oantekene.

De Partij voor de Dieren wiist op de aksje dy't de provinsje ûndernaam hat tsjin de plannen foar in fleanfjild yn Portugal, op in plak dat fan grut belang is foar de skries. As de provinsje dêr foar opkomt, dan moat dat ek hjir yn Fryslân barre, seit de partij.