Skoalbern yn Easternijtsjerk begjinne it nije skoaljier yn it doarpshûs

De skoalbern yn Easternijtsjerk begjinne it nije skoaljier yn doarpshûs De Terp. Om't harren eigen skoalle ferboud wurdt ta 'kindcentrum' kinne se de kommende tiid te plak yn it doarpshûs. Foar beide organisaasjes is it in win-win-situaasje. It doarpshûs krijt nammentlik in finansjele ynstruier, dy't fan herte wolkom is.
© Wytse Vellinga, Omrop Fryslân
Begijn dit jier ûntstie it plan om it doarpshûs beskikber te stellen as tydlik skoalgebou. De gemeente biedt sa in passend ûnderkommen, wylst it doarpshûs de finansjele opstekker goed brûke kin. It doarpshûs wol it eigen gebou nammentlik graach modernisearje.
De ôfrûne moannen waard it doarpshûs ferboud ta skoalle, sadat alles klear is foar de start fan it nije skoaljier op 17 augustus. Foar de beukers binne bûten tydlike units delset, dy't brûkt wurde sille as klaslokalen.