De alderearste Slachtemaraton wie ien grut folksfeest

Yn it jier 2000 stie Fryslân yn it teken fan Simmer 2000, de grutte Friezereüny. Mei grutte eveneminten lykas de Slachtemaraton en it muzykspektakel Simmertime. Mar ek yn de doarpen waard fan alles organisearre. Dizze simmer sjogge wy alle sneonen werom op Simmer 2000. Mei in greep út de moaiste en nijsgjirrichste programma's, dy't op Weromrop te finen binne. Mei dizze kear in wiidweidich ferslach fan de alderearste Slachtemaraton.
Op 8 july 2000 waard de earste Slachtemaraton holden. De tocht begûn by Easterbierrum by de seedyk en einige yn Raerd. Underweis wie it ien grut folksfeest. Goed 8.000 kuierders rûnen mei.
Oant en mei 29 augustus wurde ek yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân alle wiken oantinkens ophelle. Sneon yn Fryslân is tusken 13.00 en 18.00 oere te folgjen op radio en telefyzje.