Plysje siket eigener fan trije barchjes yn Noardburgum

It is in opmerklike oprop fan de plysje yn Noardeast-Fryslân freedtejûn. De plysje is op syk nei de eigener fan trije barchjes. De bistjes binne oantroffen yn de tún fan in wenning oan de Zomerweg in Noardburgum.
© Politie Noordoost Fryslân
Wa't de eigener fan de barchjes is, is net bekend. Fia harren Facebookside is de plysje op syk nei de eigener. Minsken dy't der mear fan witte, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.