Al mear as 200 Friezen stjoere harren inisjatyf foar mear bioferskaat nei de provinsje

Der binne al 200 inisjativen foar it fergrutsjen fan it bioferskaat yntsjinne by de Provinsje Fryslân. Boargers kinne mei inisjativen komme om it bioferskaat te behâlden en te ferbetterjen. Dat kin noch altyd.
© Omrop Fryslân
Oant 17 augustus kinne minsken noch ideeën ynleverje fia it ynfoljen fan in enkête. Dêrnei gean de partijen om 'e tafel om te sjen wêr't it measte ferlet is fan it ferbetterjen fan it bioferskaat en wurdt der sjoen nei ferbinings tusken ferskate gebieten en inisjativen.
De provinsje wol in oerkoepeljend werstelprogramma ûntwikkelje.