Oerlêst fan reuzereadskonk yn Fryslân: "Sa'n eksoat smoart oare planten"

Mei syn wite knopkes en bamboe-uterlik liket it in ûnskuldich lyts plantsje. Dochs is de reuzereadskonk, oftewol de duizendknoop, in grut probleem. De plant makket de liedingen yn de grûn stikken en soarget derfoar dat oare planten net groeie kinne. Dêrom wol de gemeente Ljouwert de plant fuorthelje. Yn Warten binne se woansdei dwaande om de plant te smoaren.
Oerlêst Duizendknoop
De reuzereadskonk groeit benammen de lêste jierren yn hiel Fryslân fluch. "De plant kin oer alle temperatueren en hat net sa'n soad wetter nedich," seit Geert Draaistra. Hy wurket by de gemeente Ljouwert as bestrider fan de plant. Woansdei is hy mei trije kollega's op it terrein by SV Sparta yn Warten te finen. It parkearplak sit fol mei reuzereadskonk.

Kraan nedich

"It iennige bestridingsmiddel is mei woartel en al derút helje," fertelt Draaistra wylst hy in plant út de grûn skuort. "Dêrom hawwe wy in kraan ynskeakele. Dy giet by de kanten del en hellet alles derút." De plant hat de namme duizendknoop omdat der allegearre lytse knopkes oan de woartels sitte. "Dy knopkes kinne wer in eigen plant begjinne en dat giet troch ta der in soad binne. Dus moatte wy no alles goed meinimme."
De gemeente nimt alle woartels apart mei. "Dy wurde brûkt om de sykte fan Lyme te bestriden," seit Draaistra wylst hy nei syn kollega Allen Bomba rint. "Der sit in in soarte fan genêsmiddel yn. Mar dêr kin Bomba dy it measte oer fertelle, want hy nimt de woartels ek mei nei hûs," laket Draaista. Bomba stiet yn in grutte sleat te sykjen nei it plantsje.

Readskonktee

Hy follet it ferhaal fan Draaistra fuortendaalks oan. "Ik maak er een soort van thee van," seit Bomba wylst hy de woartels sjen lit. "Dat drink ik twee keer per dag, in de ochtend en in de avond. Je hoeft er alleen wat warm water overheen te gooien en eventjes in te laten werken. Dan voel ik me weer helemaal goed."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
It bestriden fan it plantsje is in soad wurk. Benammen om't alles mei de hân útgroeven wurdt. Gif brûke as bestriding is lykwols gjin opsje. "Dat wolle wy per definysje net," seit Draaistra. "Mar by dizze plant is dat al hielendal net handich. Je meitsje dan lykwols de blêden stikken, mar de hiele plant sels net. Dus dy woartels groeie dan gewoan troch en komme nei in skoftke op in oar plak werom." Mei in grutte swaai goait Draaistra in stik readskonk op in grutte bulte. "We wolle just foarkomme dat we hjir aanst wer stean."
Geert Draaistra fan de gemeente Ljouwert