Diskusje oer ferleegjen maksimale stroomopbringst fan sinneparken

It is fierstente djoer om sinneparken op har pykfermogen oan te sluten op it elektrisiteitsnet. Dat fynt netbehearder Liander, dy't derfoar pleitet om de regels te feroarjen. Wat Liander oanbelanget soenen sinneparken mar 75 persint fan de maksimale opbringst transportearje kinne moatte. Oeds Kuipers fan Liander: "Wy sitte no bytiden mei in transporttekoart op ús netten."
Sinnepark Oerterp © GroenLeven
"Dat komt benammen trochdat der grutte fermogens oanfrege wurde troch projektûntwikkelders en inisjatyfnimmers foar grutte sinneparken. Dy kinne wy net allegearre streekrjocht op ús netten oanslute." Wurde se wol oansletten op de netten fan Liander, dan bart dat op basis fan it maksimale fermogen dat oanfrege wurdt. Dat is 100 persint, en leit fêst yn in elektrisiteitsnet.
"De fraach is oft it wol sinfol is, as je benammen nei april en maaie sjogge dan hawwe je maksimale sinne en sjogge je sa út en troch in pykje oant de 100 persint. Mar oer it hiele trochsneed yn in jier komt it net in soad foar." It neidiel is neffens Kuipers dat je no in hiel swiere oansluting oanlizze, mar dat dizze oansluting no net op rendabele wize brûkt wurde. "Ferlykje it mei in snelwei fan fjouwer stroken. Dy fjouwer stroken hawwe je eins mar ien wike yn it jier nedich."

De wet feroarje

By Liander fine se no dat de wet feroare wurde moat. "As je sjogge nei de enerzjytransysje moatte der miskien wol mear aspekten oan de enerzjywet feroare wurde", seit Kuipers. Want in behearder mei net oan opslach dwaan, wylst it neffens Kuipers wol in mooglikheid is om de maatskiplike kosten omleech te krijen. "Wy binne fansels drok oan it lobbyen yn Den Haag om dat der troch te krijen", seit Kuipers.
Liander wol yn de takomst mear op de wynenerzjy ta. "Der is no in ferdieling fan 80 persint sinne en 20 persint wyn", seit Kuipers oer de enerzjyboarnen dy't brûkt wurde. "As je dy nei 50-50 ferhâlding krije kinne, wurde de pykbelêstingen op de netten al 20 persint leger." Dat soe Liander 400 miljoen euro besparje, seit Kuipers.
Oeds Kuipers fan Liander
"De netten moeten sowieso worden uitgebreid," fynt Maarten de Groot fan GroenLeven, in bedriuw dat sinneparken realisearret. "Niet alleen voor duurzame energie, maar ook voor elektrische auto's en elektrificatie van de industrie. De netbeheerder is wettelijk ook verplicht om ons aan te sluiten. Maar als het niet kan, dan kan het niet. Dus we moeten op zoek naar oplossingen. Liander draagt nu aan om op het piekmoment 75 procent terug te stappen."

Gjin strukturele oplossing

Dat is neffens De Groot net in strukturele oplossing. "Om nou te zeggen we doen standaard 75 procent op die piekmomenten, daar zijn wij niet voor. Omdat iedere situatie anders is: zonneparken staan op verschillende locaties en zijn niet even groot. Dus om dat structureel te doen, dat is geen goede aanpak." Der moat wol gearwurke wurde, sa fynt er.
De Groot: "We werken intensief samen met netbeheerders om toch de energie vanuit zonneparken het net op krijgen. Daarvoor doen we ook met Enexis een pilot waar dit eigenlijk ook al gebeurt. Op zo'n piekmoment kunnen wij als energieleverancier minder terug leveren. Als je het over een jaar bekijkt heb je wellicht een verminderde elektriciteitsopbrengst van twee tot drie procent. Als je het op deze manier zou aansluiten, dan kun je wellicht 30 procent meer zonne-energie kunt aansluiten. Dat is wat wij testen met Enexis. Maar we doen bijvoorbeeld ook een proef bij Noordwolde om zonne-energie om te zetten naar waterstof."
Maarten de Groot fan GroenLeven