Fryske assistint-skiedsrjochters meie Europa wer yn: "Lang wachtsje moatten"

It Europeeske fuotbalbûn UEFA docht foar de einfaze fan de grutte toernoaien wer in berop op trije Fryske assistint-skiedsrjochters. Erwin Zeinstra, Mario Diks en Hessel Steegstra steane tongersdei oan de sydline by twa wedstriden yn de achtste finales fan de Europa League.
Fan links nei rjochts: Mario Diks, Danny Makkelie en Hessel Steegstra © Orange Pictures
Diks en Steegstra binne in arbitraal trio mei skiedsrjochter Danny Makkelie. Se liede tongersdei de wedstriid tusken Bayer Leverkusen en Glasgow Rangers. It is de return; de earste moeting einige yn 3-1 foar Leverkusen. De winner giet nei de kwartfinale.
Ek Zeinstra mei nei Dútslân. Yn Duisburg wurdt de wedstriid spile tusken it Spaanske Sevilla en it Italiaanske AS Roma. Trochdat de earste wedstriid yn maart al net trochgean koe troch it coronafirus, giet dizze achtste finale oer ien wedstriid. Zeinstra komt yn aksje mei syn fêste team: assistint-skiedsrjochter Sander van Roekel en skiedsrjochter Björn Kuipers.
It is foar de beide skiedsrjochtersteams net de earste wedstriid sûnt de útbraak fan de coronakrisis. Ein juny hawwe se yn Grikelân beiden in heale finale laat fan de beker. Zeinstra, Diks en Steegstra stiene it ôfrûne wykein ek oan de sydline by in oefenwedstriid yn Nederlân.

"Lang wachte"

"We hawwe der wol wer lang op wachtsje moatten, op dizze Europeeske wedstriid", fertelt Steegstra, dy't yn Snits wennet. "Yn 'e tuskentiid haw ik fansels wol traind, want je witte dat de yntinsje is dat de Europeeske kompetysjes útspile wurde soene. Yn 'e tuskentiid tinke je bytiden wol; wêr dogge je it eins foar? Mar dan giet de knop om en wolle je der gewoan klear foar wêze."

Oars as oars

De wedstriid sels sil wol oars as oars wurde, tinkt hy. "Der sitte gjin supporters yn 'e stadions. Dat jout in hiele oare sfear. Dat is fansels ek sa foar de spilers; sy meie sa min mooglik jûchje. Mar as de bal rôlet, dan moatte je soargje dat je konsintrearre binne. Dan is it net oars as oars."
Mooglik as de skiedsrjochters it der goed fan ôfbringe yn de achtste finale fan de Europa League, jout it fuotbalbûn UEFA harren ek in wedstriid yn it ferfolch fan dat toernoai of yn de Champions League. Beide kompetysjes wurde de kommende wiken útspile.
Hessel Steegstra fan Snits