RIVM: ôfrûne wike 9 nije coronabesmettings yn Fryslân

It oantal minsken dat posityf test op it coronafirus rint ek yn Fryslân op. Yn de ôfrûne sân dagen kamen der njoggen nije gefallen foar it ljocht. De wike dêrfoar wiene dat der trije. Dat docht bliken út sifers fan it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu (RIVM).
RIVM: ôfrûne wike 9 nije coronabesmettings yn Fryslân
Yn de ôfrûne twa wiken waarden de measte besmettings fêststeld yn de gemeente De Fryske Marren. Dêr krigen fjouwer minsken in positive test werom. Yn Noardeast-Fryslân, Ljouwert en Achtkarspelen wiene der de ôfrûne twa wiken twa nije gefallen; yn Smellingerlân en Weststellingwerf beide ien.
Yn de rest fan de Fryske gemeenten meldt it RIVM gjin nije coronabesmettings. Opfallend is dat der de ôfrûne 14 dagen gjin inkelde coronapasjint opnaam waard yn it sikehûs of ferstoar.
© RIVM
Lanlik rint it tal nije coronabesmettings ek op. It oantal minsken dat posityf teste, is de ôfrûne wike ferdûbele. It RIVM krige 2.588 meldingen binnen oer nije fêststelde besmettings. It oantal posityf teste Nederlanners leit dêrmei 95 persint heger as in wike earder, doe't it RIVM 1.329 besmettings registrearre.
It lanlike oantal stjergefallen is noch wol leech: seis coronapasjinten binne ferstoarn neffens de offisjele sifers. Sikehuzen namen ôfrûne wike 44 nije pasjinten op dy't it firus oprûn hawwe, 21 mear as de wike derfoar.

Oantal tests ôfnaam

It oantal tests by de GGD is lanlik tagelyk flink ôfnaam. Tusken 27 july en 2 augustus lieten goed 100.000 minsken har teste, sa'n 10.000 minder as in wike earder. Ut dy tests kaam hieltyd faker in posityf resultaat: 2,3 persint fan de teste persoanen bliek it firus by him te dragen. Yn de sifers fan de wike dêrfoar wie dat noch mar 1,1 persint.
Tweintigers binne oerfertsjintwurdige yn de lanlike sifers: in kwart fan de posityf teste minsken is tusken de 20 en 29 jier.
Everhard Hofstra, dokter ynfeksjesyktebestriding by GGD Fryslân