Fryslân yn top 25 fan feilichste coronaregio's yn Europa

Fryslân stiet yn de top 25 fan Europeeske regio's mei it leechste oantal nije besmettingen mei it coronafirus. Us provinsje stiet op plak 22 yn de list fan datasjoernalist Jelmer Visser, Fries om utens. Visser hâldt sûnt it begjin fan de coronakrisis alle besmettingssifers fan Europeeske lannen by.
Mûlkapke yn it iepenbier ferfier tsjin it coronafirus © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Visser hâldt per regio yn Europa yn de gaten hoefolle nije coronabesmettingen der meld wurde. Yn Fryslân is dat oantal opfallend leech, seker ast it fergelikest mei oare regio's yn Nederlân. Oan Visser de fraach hoe't dy regionale ferskillen ûntsteane. "Dat is altijd een beetje gissen. Misschien houden Friezen zich wel heel goed aan de regels, dat weet ik niet." Fryslân stiet yn de Nederlânske list lykwols op it twadde plak fan feilichste regio's. Drinte docht it noch krekt wat better. Mar it meast feilich bist op dit stuit yn Noarwegen.

Oaljeflek

Visser hâldt mei ferskate kleuren presys yn de gaten hoe't it coronafirus om him hinne slacht. Hy sjocht no dat der in twadde pyk liket te kommen. "Dat zie je vooral in de dichtbevolkte gebieden. Je zag het in België beginnen in de buurt van Antwerpen. Die piekjes breiden zich als een olievlek uit."
Neffens de datasjoernalist is it wichtich om per regio de sifers yn kaart te bringen. "Als je naar de situatie in Nederland kijkt, dan zie je dat we in Friesland, Groningen en Drenthe heel andere problemen hebben dan in Brabant en Zuid-Holland. Op de internationale kaart lijkt het alsof in heel Nederland dezelfde situatie geldt, maar we weten zelf dat dit absoluut niet het geval is. Daarom is het goed om per regio in kaart te brengen hoeveel besmettingen er zijn."

Soargen

De grutte fraach is fansels oft wy ús soargen meitsje moatte oer dizze twadde weach. "Het is een heel lastige situatie, omdat je het niet kunt vergelijken met het voorjaar", antwurdet Visser. "Maar je ziet wel het aantal besmettingen stijgen. Ik werk met een kleurenpalet en ineens zie ik allerlei olievlekken ontstaan op de kaart. Dat is niet iets waar we zin in hebben. Maar het gaat vooralsnog heel goed in Friesland."
Datasjoernalist Jelmer Visser