Steuring yn Weidlânsbrêge by Akkrum ferholpen

De technyske steuring oan de Weidlânsbrêge by Akkrum is ferholpen. Dat meldt de provinsje. Der wie sûnt snein in steuring yn de brêge yn de Leppedyk yn it doarp.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De ferwachting wie dat de brêge minimaal in wike net betsjinne wurde koe, mar de steuring is rapper ferholpen as tocht. Boaten mei in trochfarhichte heger as 1,11 meter + streefpeil moasten oant dy tiid omfarre.