Bysûndere kealtsjestrijeling berne yn Dolsterhuzen: "Dat bart hiel selden!"

Bysûnder poppenijs op in buorkerij yn Dolsterhuzen: in ko hat dêr sneon net ien, mar tríje kealtsjes krigen. En dat bart net faak. Ek boer Marcel Avoird seach der ferheard fan op: "Dat is frij unyk. It bart hiel selden: in kâns fan tusken de ien op de 100.000 en de 8.000.000!"
© Marcel Avoird
Ek yn skiednis fan it boerebedriuw Avoird is it de earste kear. "It is by ús heit nea bard, by ús pake net en wy stiene der ek flink fersteld fan. Mar it is geweldich!", fertelt Marcel.
De kealtsjes waarden sneontejûn berne. "Wy stiene te melken en myn soan sei: 'Dy ko sil kealje, dus heit moat mar oplette'." Net folle letter waard der in kealtsje berne. "Ik tocht dat der noch wol ientsje komme soe en dat wie ek sa. Doe hawwe we de ko efkes molken. Mar nei it melken gie se wer yn it strie lizzen en kaam der dochs noch in tredden út."

Soad besite

In oere letter wie it ynienen drok op de pleats. In soad minsken woene mei eigen eagen it bysûndere ferskynsel sjen. Marcel: "Famylje en freonen kamen allegear efkes sjen. Wy hawwe hjir ek in bernedeiferbliuw. Dy bern hawwe hjir del west om te sjen. Wy hawwe slingers en ballonnen ophongen. It is geweldich!"
Je soene hast sizze dat der al trije dagen lang 'beschuit met muisjes' iten wurdt op de buorkerij. Marcel: "Blauwe mûskes! Want it binne trije jonkjes." De boer hie nea tocht dat it der trije wêze soene. "Je kinne soms wol witte dat it in mearling wurdt, mar trije is net te foarsizzen."

Noch gjin namme

De bistjes hawwe noch gjin nammen. "Wy binne noch op syk nei nammen, dus as der minsken binne dy't in suggestje dwaan wolle, binne se fan herte wolkom!" Minsken dy't in moaie namme witte, kinne dy nei de Omrop appe fia 06 20 499 199.
De kealtsjes bliuwe lykwols net lang op de buorkerij. Marcel: "We kinne de bistjes net langer hâlde. Se bliuwe no wol, om't se ekstra oandacht nedich hawwe. Mar op in gegeven momint sille se ferkocht wurde."
Boer Marcel Avoird oer de kealtsjestrijeling