Topdrokte yn Fryslân: coronamaatregels rane fuort yn simmersinne

It tilt op fan de minsken yn ús provinsje. Mei it moaie waar pakke se de boat nei de Waadeilannen, geane se in dei nei it strân of sykje se de terraskes op. Op guon plakken is it smoardrok, bygelyks yn Starum en Harns. Troch de drokte is it dreech de oardel meter ôfstân te hanthavenjen.
Drokte corona
By Starum is it drok by de yngong fan de Iselmar. It is in kommen en gean fan boatsjes by de slûs. Ek giene freed in soad minsken nei it strân, sa as by Aldemardum.
Topdrokte wie it by Makkum. Hutsje en mutsje leinen de minsken byinoar en genieten se fan it moaie waar. De strânleafhawwers hiene der fertrouwen yn dat elk him oan de maatregels hâlde soe, al hie net ien in mûlkapke op. It foel de minsken op dat der gjin tafersjoch wie.
Makkum © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Strân net slute

Ek Harns hat te krijen mei drokte fanwegen it moaie waar, foaral wannear't de boatsjeminsken de havens opsykje. Boargemaster Roel Sluiter, ferfangend foarsitter fan de Veiligheidsregio, seach freed mei in dûbeld gefoel nei dy drokte. Neffens de Veiligheidsregio moatte minsken de regels sels skerp hâlde. It sluten fan in drok strân sjocht Sluiter net sitten, mar der moat neffens him wol hanthavene wurde.
Sluiter: "Ik denk dat het wel goed is om echt zoveel mogelijk te handhaven. Aan de handhavingscapaciteit komt natuurlijk een keer een einde. Maar dat we handhaven, juist op dit moment, nu we zien dat er in Nederland toch weer een toename van besmettingen is."
Roel Sluiter © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Boargemaster Roel Sluiter, ferfangend foarsitter fan de Veiligheidsregio

Folle fearboaten

By de fearboaten fan en nei de Waadeilannen is it ôfsjen. Troch it moaie waar is it drok en is oardel meter ôfstân hâlde hast net mooglik. De boaten sitte fol en de minsken steane hutsje en mutsje opinoar, sawol op de wâl as op de boat sels.
Grutte drokte op It Amelân, foar de boat nei Holwert © Omrop Fryslân, Dieuwke Kroese

Drokte yn Ljouwert

En wa't op in waarme dei troch de binnenstêd fan Ljouwert strúnt, hat amper besef fan it oanwêzige coronafirus. De strjitten binne grôtfol, de pleinen drok en de merken geane gewoan troch. Koälysjepartij PAL/GrienLinks makket him soargen oer dizze situaasje, seit riedslied Andries Bergsma. "Dan tinke wy wol fan: potferdikke, wat gebeurt hjir en is it wol feilich genôch?"
De partij freget him ôf oft de gemeente Ljouwert wol goed taret is op de grutte toeristestream, dy't no troch de stêd giet. "As it nedich is foar de sûnens fan de ynwenners fan dizze provinsje en dizze gemeente, dan moatte der maatregels nommen wurde", seit Bergsma.
Riedslid Andries Bergsma fan PAL/GrienLinks