Poppoadium Neushoorn siket nije direkteur: Yvonne Bleize hâldt op

Poppoadium Neushoorn yn Ljouwert sil op syk nei in nije direkteur. De hjoeddeiske direkteur, Yvonne Bleize, hâldt op 1 novimber op. Dat hat ûnder oare te krijen mei it coronafirus, dat in grutte wjerslach op Neushoorn hat. De organisaasje wurdt lytser, de direksjetaken ek.
Poppoadium en kreative hotspot Neushoorn yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Neushoorn hat it op dit stuit dreech fanwegen de coronacrisis, mar kin mei tank oan 200.000 euro stipe fan de gemeente dochs de holle noch efkes boppe wetter hâlde. Dochs betsjutte it firus en de maatregels minder ynkomsten en in oar programma. Dêrom moat de organisaasje lytser makke wurde, sa jout Neushoorn oan. Dat jildt ek foar de direksjetaken: dy wurde mei de helte lytser fan 1,0 nei 0,5 fte.

Ferlet fan oar type direkteur

Neffens it bestjoer fan Stichting Popcultuur Neushoorn hat Bleize yn de ôfrûne jierren as direkteur de klam lein op organisaasje en bedriuwsfiering. No is der neffens it bestjoer fan it poppoadium earder as pland ferlet fan in oar type direkteur. Dat soe in direkteur mei in mear ynhâldlik en artistyk profyl wêze moatte. Nei de simmerfakânsje sil Neushoorn aktyf op syk nei in nije direkteur.