82 miljoen harkers: Coño fan DJ Puri is it meast streamde Nederlânsktalige nûmer ea

It nûmer 'Coño' fan dj Puri is mei mear as 82 miljoen streams op Spotify it meast belústere Nederlânsktalige nûmer ea. Yn 2017 kaam it nûmer út en it waard gelyk de earste grutte hit fan de Snitser dj en producer. Dit jier waard it nûmer ynienen noch populêrder, doe't minsken derop begûnen te dûnsjen op it sosjaal medium TikTok.
© Omrop Fryslân
Op it stuit binne der hast 20 miljoen filmkes op TikTok makke mei it nûmer. Dêrtroch hearde ek Jason Derulo, in grutte Amerikaanske artyst, Coño. Hy socht kontakt mei Puri, wêrnei't se earder dizze moanne in Ingelsktalige ferzy útbrochten. Ek dy is no al hast 15 miljoen kear ôfspile.
Op Spotify wurdt ek byholden hoefolle alle ferskillende nûmers fan in artyst yn in moanne ôfspile wurde. Dat is foar dizze moanne by Puri mear as 7,5 miljoen.
Yn 2018 makke Omrop Fryslân al in reportaazje oer Puri en 'Coño':
82 miljoen kear: Coño fan DJ Puri
Op syn Instagram-pagina lit Puri witte: "WAUW.. Meest gestreamde nederlandse track en meeste maandelijkse luisteraars v NL op spotify!! Jonge jongen uit friesland met een droom, en die droom word werkelijkheid.. DOOR JULLIE!!"
© Instagram, purionthebeat
Nederlânsktalige hiphop docht it goed op Spotify: de foarige nûmer ien wie 'Cartier' fan Dopebwoy, dy't op dit stuit hast 82 miljoen streams hat.