Kroegen yn Snits en Drachten ticht fanwegen oertrêdingen coronaregels

Der binne trije kroegen yn Snits en ien kroech yn Drachten sletten om't de maatregels tsjin it coronafirus net goed neilibbe waarden. It giet om Club 1841, Neighbours en Ludiek yn Snits, en Champino/Skihut yn Drachten. Dat hat Veiligheidsregio Fryslân woansdei bekendmakke.
Neighbours en 1841 yn Snits © Google Street View
De kroegen binne fan tongersdei ôf ticht. Foar Neighbours en Champino/Skihut jildt wol dat de terrassen iepenbliuwe, om't dêr gjin oertrêdingen fêststeld binne. De hoareka-ûndernimmers moatte no in plan yntsjinsje dêr't maatregels yn steane om de regels tenei wol te folgjen. As dat goedkarring krijt, sil de foarsitter fan de Veiligheidsregio beslute oft it wer iepen kin of net.

Tefolle minsken, gjin sûnens-check en sitplak

Yn de kroegen sels wiene der yn de jûn en nacht fan 25 op 26 july wol oertrêdingen. Der wiene te folle minsken ticht op inoar, fan in sûnens-check wie gjin sprake en klanten krigen net in sitplak oanwiisd. Ek wie yn ien fan de kroegen in dûnsplak iepen. Dat mei net, stiet yn de needferoardering.
© Google Street View