Kommoasje om libbensechte Spûketocht-poppen: plysje hellet se út beammen

Grutte, libbensechte poppen dy't yn beammen hongen yn rekreaasjegebiet de Griene Stjer, soargen tiisdeitejûn foar konsternaasje. De poppen hearden by in spûketocht dy't organisearre waard troch it animaasjeteam fan camping Kleine Wielen yn Ljouwert.
© foto Politie Leeuwarden
Guon foarbygongers binne bot skrokken, sa falt te lêzen ûnder in berjocht fan de plysje op Facebook. Guon fine it traumatisearjend en sizze dat de organisaasje hjir better oer neitinke moatten hie. In oar stelt dat soks 'ongepast' is yn iepenbier gebiet.

Camping kin wol laitsje om kommoasje

By de camping sels moatte se wol laitsje om alle kommoasje. "We hebben de poppen gistermiddag al opgehangen. We hebben er wel rekening mee gehouden dat ze niet al te echt leken. Zo hebben ze geen gezicht", seit Angela fan it animaasjeteam. "Er deden 140 mensen mee aan de tocht. Als je dan alles 's avonds op gaat hangen ben je tot diep in de nacht bezig. Dat kan niet natuurlijk."
It wei-wêzen waard al gau opmurken troch minsken fan it team. Fuortendaalks binne se úteinset mei in syktocht: "Ja, met de golfkar door het gebied, kijken of we ze konden vinden. We waren onze mannen kwijt. We zagen wel dat de touwtjes waren doorgeknipt en dus dachten we: jeugd. Maar dan liggen ze op het politiebureau. Op zich best hilarisch."

Gjin boete

De poppen binne yntusken wer te plak. Nei in nacht op it buro binne se wer ophelle troch it team. Angela: "Dat ging gelukkig erg gemoedelijk. We hebben ook geen boete gekregen. Ze moesten ook wel terug want de kleding die ze aan hebben is van de toneelvereniging."
Ferslachjouwer Hayo Bootsma op de camping