Wer twa brêgesteuringen: yn Starum en Toppenhuzen

Twa brêgen yn drokke gebieten ha lêst fan in steuring. It giet om de Koebrug oer de stedsgrêft yn Starum en It Ges yn Toppenhuzen. Yn beide gefallen giet it om in technyske steuring.
De Koebrêge yn Starum © Google Street View
It is net dúdlik wat der krekt oan de hân is en hoelang't it duorret.
Der ha dizze wike al mear brêgen bûten wurking west. Moandei lei it skipfeartferkear yn de Turfrûte stil omdat de Stokersferlaatbrêge fernield wie troch in sânauto en tiisdeitejûn wie it mis mei de brêge yn Skûlenboarch. Dat waard yn de nacht wer ferholpen.