Twa fertochten fan wenningoerfal Drachten moatte psychologysk ûndersocht wurde

Twa manlju dy't fertocht wurde fan belutsenens by de oerfal op in 94-jierrige frou út Drachten moatte psychologysk ûndersocht wurde. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert bepaald.
© ProNews
In 19-jierrige ynwenner fan Gerkeskleaster wurdt troch in psycholooch ûndersocht. De oare fertochte, ien fan 20 jier sûnder fêst wen- of ferbliuwplak, giet nei yn ynstelling foar jongerein om observearre te wurden.

Gouden munten stellen

De frou waard ferline jier op 21 oktober jûns yn har wenning oan de Korenmolen oerfallen troch twa jonges. De oerfallers gongen fuort mei in jildkistke mei gouden munten. Yn in útstjoering fan Opsporing Verzocht wêryn't omtinken wie foar de saak, fertelde de frou dat se rêstich bleau.
De frou die har ferhaal yn Opsporing Verzocht:
Doe't de fertochten fuort gongen, skeakelen de oerfallers de stroom út, mar se hiene net op it alarmsysteem rekkene. Ien fan de oerfallers liet syn DNA op de kaai fan de meterkast. Nei alle gedachten giet it om it DNA fan in tredde fertochte, in Drachtster fan 19 jier.
Yn april fûn in jonge dy't yn Drachten oan it swimmen wie, it jildkistke. Ien fan de fertochten is minderjierrich, syn saak wurdt achter sletten doarren behannele. Fan dy fertochte is it foararrest yntusken skorst. Hy moat him wol oan in tal betingsten hâlde.

Behanneling letter dit jier

De saak fan de 19-jierrige fertochte is op 30 septimber. De twa fertochten dy't psychologysk ûndersocht wurde moatte, soene earst de dei dêrfoar behannele wurde. Mar omdat it ûndersyk noch net klear is, slagget dat net. De rjochter hat it foararrest fan de twa fertochten mei trije moannen ferlinge.