Fryslân sit fol: hast gjin hotelkeamer mear te boeken
As je no yn Fryslân in hotelkeamer boeke wolle, dan wachtet in lange syktocht dy't beleanne wurdt mei it beteljen fan de haadpriis. Op de bekende bookingssiden op ynternet binne kwealik keamers te finen. As sy der al binne giet it faak mar om ien of twa nachten. Nei 15 augustus, de dei dat yn Fryslân de fakânsje ôfrûn is, komt der wer romte frij.

Neffens Floriaan Zwart fan VVV Waterland van Friesland is it goed nijs, mar makket dit it ferlies fan it foarseizoen noch lang net goed.
Ien keamer foar twa gasten, oankomst takom sneon foar in ferbliuw fan in wike. Op de bekende websiden komt mar ien boadskip: "Dit is uitverkocht." Ek in belrûntsje nei hotels yn de provinsje smyt neat op. Allinnich op Flylân is in keamer foar in lytse wike te boeken. Dy wurdt pas fûn nei in lange syktocht. Hotel Iselmar op De Lemmer moat allinnich mar nee ferkeapje. De bungalows en keamers binne allegear folboekt.
Nee ferkeapje
Goed nijs foar it hotel fansels, mar nee ferkeapje dogge sy net graach. Yn Makkum by strânhotel Vigilante kin je allinnich troch de wike in pear dagen in keamer hiere. By hotel Abdij fan Dokkum itselde ferhaal. Dêr moatte se nee ferkeapje, folge troch: "It spyt ús."
"Minsken bliuwe yn eigen provinsje", seit Annelies Douwstra fan hotel Post-Plaza yn Ljouwert. Ek sy hat it hotel fol sitten. "Ik sjoch ek dat der kommende wiken yn Fryslân kwealik wat te boeken is." Ek al fernimme je dêr op de dyk, útsein iepensteande brêgen, kwealik wat fan yn de provinsje: it is drok. Floriaan Zwart fan VVV Waterland van Friesland: "Het is lekker druk. Ik denk dat je dat wel ziet. Accommodaties zitten vol. En toch zie je net als toen met dat drukke pinksterweekend toen het ook zo druk was, dat het toch goed hanteerbaar is hier."
Oar publyk
It binne benammen Nederlanners dy't foar de drokte soargje, seit Zwart: "Je ziet wel Belgen en Duitsers, maar vooral mensen uit eigen land. Er komt ook een duidelijk ander type publiek. Het zijn nu vaak gezinnen met oudere kinderen. Die kunnen nu niet op feestvakantie naar Turkije of Kroatië en gaan dan toch maar weer met hun ouders mee." It effekt is oeral binnen de toeristyske sektor goed te fernimmen, "Over de hele linie wel", sa seit Zwart. "Bootverhuurders hebben het druk en de horeca ook. Mensen geven graag hun geld uit."
Floriaan Zwart tinkt dat de drokte fan no in posityf effekt hat op de takomst: "Het terugkerend effect was al hoog. Mensen die dus nog een keer komen. Wat we horen dat mensen positief verbaasd zijn over de schoonheid van de provincie en wat je allemaal hier kunt doen. Maar ook over de vriendelijkheid. Ik denk dat je dus goed kunt spreken over een positief effect."
Is it in goedmakker?
De drokte soarget foar in soad ekstra omset. Mar it ferlies fan dit foarjier wurdt net gau mear goedmakke, seit Zwart. "Het ligt echt aan het type bedrijf. Was je afhankelijk van de zakelijke markt dan maak je dat niet goed. Een aantal campings zou sowieso wel vol zitten tijdens de bouwvak, dat zitten ze nu iets eerder. Het hangt nu af van het naseizoen. Als mensen die niet afhankelijk zijn van de zomervakantie dan ook komen maakt dat wel iets goed. De klap komt denk ik toch echt pas in het derde en vierde kwartaal. Dan zie je wat je gemist hebt aan omzet."
Yn Fryslân is oant 15 augustus hast gjin hotelkeamer mear te finen