Stânbyld Fedde Schurer op nije lokaasje: wurdearring, mar ek argewaasje

Op It Hearrenfean is sneon it stânbyld fan de Fryske dichter en taalstrider Fedde Schurer ûntbleate op it nije stânplak oan de Tsjerkstrjitte. It stânbyld stie earder yn it sintrum njonken hoarekasaak 't Gerecht, dêr't it op it terras wat wei waard tusken de parasols en bierdrinkende besikers. Op it nije plak hat it opknapte stânbyld út 1974 fan byldhouwer Guus Hellegers de romte en kin it wer fan alle kanten besjoen wurde.
Stânbyld Fedde Schurer op nije lokaasje: wurdearring, mar ek argewaasje
De nije lokaasje is útsocht troch de widdo fan Hellegers yn oerlis mei inisjatyfnimmers foar de ferpleatsing en de gemeente. "Nu kun je het beeld weer bekijken zoals het bedoeld is", seit frou Hellegers. Sy is bliid mei it nije plak fan it byld.
Harkje nei reaksjes fan frou Hellegers en Remco Heite
It byld fan Schurer stiet no oan de Tsjerkstrjitte by de yngong fan de parkeargaraazje © Omrop Fryslân

Krityk

Njonken lof wie der sneon ek argewaasje om de ûntbleating hinne. Frysk skriuwer Hylke Speerstra, freon en âld-kollega fan Schurer, wie út protest ôfwêzich by de ûntbleating. Speerstra wie min te sprekken oer de útnûging 'grôtfol flaters' dy't er fan de gemeente Hearrenfean krige. Ek hat Speerstra der muoite mei dat der by de ûntbleating gjin wurd Frysk sprutsen waard. "Fedde soe him yn it grêf omdraaie, tink ik."
Fedde Schurer waard by it grutte publyk bernammen bekend troch Kneppelfreed. Schurer moast op 16 novimber 1951 foar de rjochter ferskine, nei't er in kantonrjochter dy't wegere om Frysk te ferstean fûl bekritisearre yn in haadredaksjoneel kommintaar fan de Friese Koerier. De rebûlje dy't by dizze saak ûntstie op it Saailân is de skiednis yngien as Kneppelfreed.
Oer Kneppelfreed waard sneon net praat, mar ien fan de oanwêzigen fûn it mar nuver dat it byld foar de ûntbleating ynpakt wie yn plestik. In Fryske flagge hie neffens de frou better op syn plak west, sa sei se tsjin wethâlder Broekhuizen.
Ferslachjouwer Onno Falkena oer de ûntbleating fan it stânbyld op it nije plak