Weromrop: Simmer 2000 op lokaasje yn Ljouwert

Yn it jier 2000 stie Fryslân yn it teken fan Simmer 2000, de grutte Friezereüny. Mei grutte eveneminten lykas de Slachtemaraton en it muzykspektakel Simmertime. Mar ek yn de Fryske doarpen waard fan alles organisearre. Dizze simmer sjogge we alle sneonen werom op Simmer 2000. Mei in greep út de moaiste en nijsgjirrichste programma's, dy't op Weromrop te finen binne.
Mei it programma 'Simmer 2000 op lokaasje' binne we yn Ljouwert en prate mei skriuwer Hylke Speerstra en in emigrantepear út Nij Seelân. Muzyk is der fan it Interkerkelijk Burgumer Mannenkoor.
Oant en mei 29 augustus wurde ek yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân alle wiken oantinkens ophelle. Sneon yn Fryslân is tusken 13.00 en 18.00 oere te folgjen op radio en telefyzje.