"Sûnder de IFKS hiene tsientallen skûtsjes no yn 'e heechovens sitten"

Ein 1981 waard yn hotel-kafee 'De Hinde' te Hylpen de oprjochtingsgearkomste fan de Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen (IFKS) hâlden. Inisjatyfnimmer wie Gerrit Roosjen, taksy-ûndernimmer út Frjentsjer. Roosjen hearde ta de skipseigeners dy't om 'e nocht by de SKS oankloppen om mei te dwaan. Hy waard stipe troch SKS-man Berend Hof, dy't foar skipper Hylke de Vries opkaam, en Yde Schakel út Eksmoarre.
FIDEO: Histoarysk item oprjochting IFKS
"Gerrit Roosjen woe meidwaan by de SKS, mar de SKS sei tsjin Gerrit: 'wy kinne der net mear skûtsjes by ha'", sa fertelt Sieb Bandstra oer dy begjindagen. "Dat fûn ik eins wol terjochte, want op bygelyks Earnewâld of Grou is it mei fjirtjin skûtsjes eins al te fol. Mar Gerrit woe dochs skûtsjesile."

SKS is monopoalje kwyt

De aksje om in twadde organisaasje yn it libben te roppen, krige genôch respons. De animo fan 'e skûtsjeskippers wie foldwaande om yn 1982 op de Iselmar by Hylpen en Makkum fjouwer wedstriden te fersilen. Op 10 augustus kamen 16 skippen oan 'e start. It wie it begjin fan de IFKS, wit ek Klaas Adema dy't by de oprjochting wie. "Gerrit hat de namme IFKS betocht. Sa is it allegearre úteinsetten. En it wie prachtich, mei dy geweldige natuerlike tribune op Hylpen. Geweldich!"
Om't de oare wedstriden ek goed ferrûnen, betsjutte dat foar de SKS dat se it monopoalje fan it skûtsjesilen kwyt wie. It lit him begripe dat de ferhâldingen tusken de beide organisaasjes earst fjoer en wetter wie. De IFKS, oantsjut as de 'alternativen', levere krityk op it elitêre karakter fan 'e SKS. De foarsitter dêrfan, Alex Brinksma, seach de nije feriening as in tydlike saak: 'Ik beschouw de "Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen" als een hevig, maar kort gebeuren', sa sei hy.

Behâld fan tsientallen skûtsjes

Mar troch de taname oan frije tiid en bettere finansieringsmooglikheden koene partikulieren en stichtingen in skûtsje yn 'e feart bringe. Neffens Bandstra, as technyske man belutsen by de IFKS, hat de oprjochting tige wichtich west foar it behâld fan it kultureel erfgoed. "Der binne no sa'n 60 dielnimmers by de IFKS, en dy ha sa'n 75 skûtsjes. Dy hiene oars yn de heechovens sitten."
Freedtejûn giet it yn It Skûtsjesjoernaal oer de oprjochting fan de IFKS. Oan de tafel yn it skûtsjemuseum yn Earnewâld skowe de skipper fan Akkrum, Pieter Meeter, en Sikke Heerschop oan. Heerschop waard ien kear kampioen yn de IFKS, wylst Meeter neist skipper yn de SKS ek adviseur is yn de IFKS.
Takom wike binne der nochris fiif ôfleveringen fan It Skûtsjesjoernaal te sjen, mei moandei âld-skipper Dirk Jan Reijenga en Sippy Tigchelaar as gast.