PC yn Frjentsjer giet definityf net troch: "Hiel pynlik beslút"

De PC yn Frjentsjer giet dit jier dochs net troch. Dat hat de organisaasje tongersdei bekend makke. De keatspartij wie fanwegen it coronafirus yn earste ynstânsje ferpleatst nei 30 septimber. De organisaasje hat no lykwols dochs besletten de belangrykste keatspartij fan it jier te skrassen.
PC yn Frjentsjer giet definityf net troch
It bestjoer fynt in PC mei in beheind oantal taskôgers op it Sjûkelân net PC-wurdich. Mei it each op de hjoeddeiske ûntwikkelingen omtrint it coronafirus ferwachtet de organisaasje dat dêr de kommende tiid gjin ferrommingen yn komme.
"Dat is in hiel pynlik beslút. It is in dei dy't foar in hiel protte minsken libbet. Oan de oare kant koene we al sûnt maart hjir rekken mei hâlde, dus it is gjin ferrassing", seit foarsitter Ids Hellinga fan de PC.

Kening

Ien fan de winners en kening fan 2019, Hans Wassenaar, is teloarsteld, mar hat wol begryp. "Spitich fansels dat de moaiste partij fan it jier net trochgiet. We hiene der wol wat rekken mei holden, dat it net trochgean koe", seit Wassenaar. "Dan moatte we mar wat oanwurkje nei in prachtich moaie woansdei yn 2021."
It is de fiifde kear yn de 167-jierrige skiednis dat in PC net trochgiet. Yn 1859 wie der om ûnbekende reden gjin PC, yn 1866 wie de útbraak fan goalera de reden foar it skrassen en yn de oarlochsjierren 1943 en 1944 waard der ek gjin PC holden.
De PC yn Frjentsjer © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Foarsitter Ids Hellinga en keatser Hans Wassenaar oer it beslút
Omrop Fryslân hat kommende woansdei, de fiifde woansdei fan july wêrop't de PC eins ferkeatst wurde soe, wol wiidweidich omtinken foar de PC-dei. Op it Sjûkelân yn Frjentsjer binne der de hiele dei op de radio en telefyzje petearen mei de haardrolspilers fan it ferline en fan no.