Yn 2018 kaam Maarten van der Weijden op syn earste alvestêdeswimtocht tsjin kanker net fierder as Burdaard. Op it plak dêr't er út it wetter helle waard, stiet no in monumintsje. Ronald Noppers is ien fan de inisjatyfnimmers fan it byld, makke troch keunstner Hans Jouta fan Ferwert. Noppers hat sels ek in soantsje ferlern oan kanker.
It byld fan Maarten, swimmend tusken allegearre hannen, stiet foar it doel dêr't er foar swom: mei-inoar safolle jild ophelje foar de bestriding fan kanker. In jier letter, yn 2019, swom Maarten van der Weijden de tocht nochris en doe helle er it wol.
Ronald Noppers oer de betsjutting fan it byldsje fan Maarten van der Weijden