Hallumer misbrûkte jierrenlang styfdochters: "Ik ben een viespeuk en een klootzak"

In 49-jierrige Hallumer hat syn twa minderjierrige styfdochters tusken de seis en sân jier lang misbrûkt. Dat barde fan it jier 2009 ôf neidat de mem fan de famkes stoarn wie. De famkes wiene 8 en 11 jier âld doe't it misbrûk begûn.
De rjochtseal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Yn de rjochtsaak op tiisdei easke de offisier fan justysje tbs yn in lichtere foarm en in finzenisstraf fan fiif jier. De twa jonge froulju holden beiden in slachtofferferklearring dêr't se yn fertelden hoe't de styfheit harren ta seksuele hannelingen twong. Se fertelden de styfheit dat hy se foar harren libben lang skansearre hat.
De man bea yn de rjochtsaak meardere kearen syn ekskuzen oan. "Het ligt niet aan de meiden, maar het ligt aan mij", sei hy. "Ik ben een viespeuk, ik ben een klootzak, ik weet het".
De rjochter docht pas letter útspraak en net sa as gewoanlik oer twa wiken, omdat it rapport foar de sitting noch net klear wie.