FIDEO: "Ik bin as skûtsjeskipper totaal ûnfrijwillich gjin kampioen wurden"
Yn It Skûtsjesjoernaal wiene tiisdei de skipper fan Earnewâld, Gerhard Pietersma, en âld-skipper Anne Tjerkstra te gast. De iene, Pietersma, is skipper fan it Steatejacht, de oare, Tjerkstra, wie dat yn it ferline.
Yn de histoaryske reportaazje gie it oer de spannendste finale ea yn 'e SKS. Dat wie fansels de striid tusken Grou en It Hearrenfean op de Snitsermar yn 2018. Karen Bies, opgroeid yn in skûtsjefamylje, bringt in oade oan har beppe.
Sjoch hjir de útstjoering fan It Skûtsjesjoernaal werom: