Selstraf foar man dy't ynstuts op freon dy't him gjin lift jaan woe

In man fan 24 jier út Almere is tiisdeitemoarn feroardiele ta in finzenisstraf fan achttjin moanne, wêrfan seis moanne ûnder betingst. De man feroarsake yn de nacht fan 5 op 6 maaie ferline jier nochal wat rebûlje yn Ljouwert doe't er rûzje makke en dêrby syn mes luts. Dêrnei hat er in plysje mishannele en misledige.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
De man makke rûzje mei in freon omdat dy him net in lift nei hûs jaan woe. Hy stuts mei syn mes yn op de freon, dy't de man fan him ôfhâlde koe en net ferwûne rekke. Neffens de rjochter hat de man in tige gefaarlike situaasje feroarsake en rekkenet him poging ta deaslach oan.
It ynsidint soarge foar ûnrêst yn de binnenstêd fan Ljouwert, dêr't in soad minsken wiene yn ferbân mei it feest op Befrijingsdei. Doe't er oanholden waard, mishannele en misledige er de plysje. Dat telde foar de rjochter ek swier mei yn de úteinlike útspraak.