"Sûnder de SKS hiene we al dy moaie skûtsjes no net mear hân"

Op 22 july 1945 is de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen (SKS) oprjochte yn kafee Bellevue te Ljouwert. Dat barde ûnder de namme Vereeniging van Skûtsjesilerscommissies in Friesland. It inisjatyf foar de oprjochting is nommen troch Klaas Kingma út Dokkum en Gerben van Manen út Drachten. Dy lêste waard ek de earste foarsitter. De feriening die yn it begjin oars net as it fêststellen fan de wedstriiddata. It earste SKS-kampioenskip waard yn 1945 op Langwar syld.
Histoarysk item oprjochting SKS
De 90-jierrige Wiemer Hoekstra wit noch goed hoe't de earste wedstriden yn 1945 ta stân kamen. "Der waarden al wedstriden mei skûtsjes syld foar 1945. Mar it wie de bedoeling dat der wer mear dielnimmers kamen. Dêrom diene dizze minsken dit." Hoekstra hat 21 jier fokkenist west op it skûtsje fan Drachten. Ek wie hy der 5 jier skipper fan. "Yn myn beleving hie it skûtsjesilen der sûnder de SKS hiel oars foar stien op dit stuit."
Frits Jansen is bemanningslid op it Huzumer skûtsje, mar is as skûtsjehistoarikus benammen dwaande mei it weromheljen fan skûtsjes nei Fryslân. Dat docht hy mei de Stichting Foar de Neiteam, dy't de skiednis fan it skûtsjesilen fêstleit. Ek neffens him hat is de SKS de rêding west fan it skûtsjesilen. "Wannear't de SKS net begûn wie, dan hiene we no dy moaie skippen net mear hân."

Kampioen Van Der Meulen

Yn 1945 waard it kampioenskip fan de SKS beslikke mei ien wedstriid op it wetter by Langwar. Nei de oarloch kamen der sa'n 25 dielnimmers op ôf. De winner yn 1945 wie Klaas van der Meulen. Hy soe letter noch trije kear kampioen wurde.
It Skûtsjesjoernaal is twa wiken lang te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. Yn de earste ôflevering binne moandei de foarsitter fan de SKS, René Nagelhout, en njoggenfâldich kampioen Douwe Visser fan Snits te gast.
De útstjoeringen komme alle dagen út it skûtsjemuseum yn Earnewâld wei. Alle dagen skowe der twa gasten oan by de tafel fan presintator Simone Scheffer. Dêrby is der fansels wiidweidich omtinken foar de grutte ferhalen, de stoere skippers en de legindaryske anekdoaten fan eartiids. Njonken de petearen oan tafel binne yn it programma histoaryske reportaazjes oer de skiednis fan de SKS te sjen. Fierder sille ferskate keunstners in oade bringe oer har gefoel by it skûtsjesilen. It programma is te sjen fan moandei 20 july oant en mei freed 31 july.