Spektakulêre fierljeprentree Bart Helmholt mei oerwinning en fierste ôfstân

Fierljepper Bart Helmholt hat sneon in spektakulêre comeback makke by de earste wedstriid fan it seizoen yn Burgum. Helmholt makke nei goed fjouwer jier syn rentree en wûn sneon de wedstriid yn de twadde klasse mei in ôfstân fan 20.94 meter. Dat is de fierste ôfstân dy't dit seizoen ljept is.
Spektakulêre fierljeprentree Bart Helmholt mei oerwinning en fierste ôfstân
Net allinne Helmholt stie sneon nei inkelde jierren ôfwêzichheid wer op 'e skâns, ek Oane Galama kaam wer yn aksje. Yn 2016 emigrearre Galama mei syn frou Renske nei Nij-Seelân, mar mei dochter Anouska is de húshâlding yntusken werom. Galama pakte sneon it tredde plak yn de twadde klasse, krekt efter Age Hulder fan Burgum.

Earste fierljepwedstriid

Letter sneontejûn begjint ek de wedstriid yn de earste klasse. Omrop Fryslân stjoert dy wedstriid live út fia www.omropfryslan.nl en op de Omrop-app.
Bart Helmholt © Martin de Jong