Lêste sykslach fan garnalefiskers nei fermist famke smyt neat op

Noch ien lêste syktocht, foardat de garnalefiskers wer nei de fêste wâl gean. Goed 20 kotters hawwe tongersdeitemoarn op eigen inisjatyf noch ien ultime poging dien om it 14-jierrige Dútske famke dat sûnt sneontejûn fermist wurdt te finen. Se wurde assistearre troch de KNRM.
Hoewol't de offisjele ynstânsjes woansdeitemiddei oankundigen de syktocht nei it famke stop te setten, woene de garnalefiskers noch ien kear alles op alles sette om har te finen. Earder holpen se ek al by de syktocht.
Se waarden tongersdei assistearre troch de KNRM fan It Amelân, Skiermûntseach en Lauwerseach. Dat is bysûnder, want dy seiden woansdei noch net mear fierder te sykjen.

Yn liny

De fiskers setten tongersdeitemoarn ier en betiid útein oan de noardeastkant fan It Amelân. Yn liny fearen se yn westlike rjochting, oant healweis it It Amelân.
Dêrnei setten se koers werom yn eastlike rjochting, om fia de eastkant fan It Rif en De Kalkman omleech te farren. "Iedereen voer in een lijn met zo'n 100 meter afstand ertussen", fertelt fisker Johan Rispens, dy't meidie oan de sykaksje.
© Johan Rispens
Fisker Johan Rispens oer de syktocht
Se sochten benammen op it plak dêr't it famke yn see ferdwûn. In oantal boaten smiet de netten dêrby út. "We hebben bij paal 17, waar de honden wat roken, nog geprobeerd. Maar als ze niet bovenkomt, houdt het op den duur wel op", seit Rispens.
Ferskate kearen wie der in melding dat der wat sjoen wie, mar it bliek eltse kear loas alarm, fertelt Rispens: "Helaas vonden we niet wat we zochten."
De fiskers tinke dat it famke net fier út de rjochting dreaun is. "Het is geen slecht weer geweest en er loopt minder stroming dan met springtij." It is hiel lestich te sizzen, beslút Rispens.