Johan en Bodine fan Eastermar soenen dizze simmer nei Mongolië ôfreizigje, mar corona smiet alle plannen om. Lyk as in hiel soad minsken yn de wrâld moasten de ferwachtings en plannen bysteld wurde. "Tsjah, hiel sneu is wol in hiel grut wurd", seit Bodine. "Wy hienen ús wurk en hûs opsein en soenen fuort." Troch corona kochten se it wâldhûske fan Johan's beppe. "En dat hat ús ek wol wer nije kânsen bean." Johan en Bodine fielden har ûnrêstich foarich jier. "We kamen der net út wat we woenen. We smieten alles oan kant." In reis nei India joech rêst, en sa kaam ek it projekt
Wâldstruners op gong. "We hawwe noch gjin plannen om wer fuort. Earst beppe's hûske mar ris ferbouwe en wa wit gean we yn de takomst dan wol wer in pear wiken of moannen fuort, mar grif gjin jierren."