"De eerste keer dat ik iemand reanimeerde, schrok ik van de temperatuur"

"Ja, misschien breek je een rib. Maar dat mag je niet afschrikken. Je moet doorgaan." Dat seit Jacqueline Koelewijn, as it giet oer reanimaasjes. Se is ferpleechkundige, en hat der mei oaren foar soarge dat der yn Terkaple en Eagmaryp no sân AED's hingje. Dat is in protte, want de doarpen ha mei mekoar sa'n 220 ynwenners.
Jacqueline Koelewijn by in AED © Omrop Fryslân, Miranda Werkman
Ferslachjouwer Miranda Werkman praat mei Jacqueline Koelewijn oer har earste reanimaasje
De nije AED's binne noch net brûkt, seit Koelewijn. Dêr is se bliid mei. "Een reanimatie is een heftige gebeurtenis", seit se.
"De eerste keer dat ik zelf moest reanimeren wist ik hoe het moest, maar als iemand een hartstilstand heeft, leeft hij niet meer. Dat doet echt iets met de temperatuur, en met de huid. Die wordt koud en nat. Daar moet je niet van schrikken, want je kunt niets fout doen. Ook als je een rib breekt, moet je doorgaan. De AED helpt je daarmee."
Koelewijn hat tsientallen minsken reanimearre, seit se. Miskien wol 100. "Dat is niet altijd goed gegaan. Maar ook als het wel gelukt is, is het erg emotioneel. Daar moet je over praten. Je moet het bij elkaar kwijt."