Syktocht nei fermiste famke by It Amelân nei twa dagen noch altyd sûnder resultaat
De syktocht nei it fermiste famke yn de Noardsee boppe It Amelân is nei twa dagen noch altyd sûnder resultaat. Ek de help fan garnalefiskers, dy't sûnt moandeitemoarn sochten, bate net. De fiskers ha harren syktocht yntusken stillein.
FIDEO: Syktocht nei fermiste famke by It Amelân noch sûnder resultaat
De garnalefiskers hiene in protte lêst fan de dining en koene fanwegen de feiligens net te ticht by de kust farre. "Dan bringe se harren eigen libben yn gefaar", seit ferslachjouwer Willem Vermeltfoort. "Derom is no it beslút naam om op te hâlden mei de syktocht."
De plysje siket noch wol hieltyd nei it famke. Ek de rest fan de dei wurdt der noch socht. As it famke by it tsjuster noch net fûn is, wurdt der tiisdei in nij beslút naam oer de syktocht.
Toeristen
Nettsjinsteande de syktocht sitte der in soad toeristen gewoan op it strân fan It Amelân. "Het is schrikken. Heel confronterend, want het komt heel dichtbij. Ik heb zelf ook kinderen die hier de zee in gaan. Je kan dan alleen maar denken aan die ouders en hoe afschuwelijk het moet zijn om je kind kwijt te zijn", seit ien fan de toeristen.
In oare toerist doart troch de fermissing eins net mear te fier de see yn. "Ik ga niet heel prettig de zee in. Ik durf niet te ver de zee in, voor het geval ik toch iets tegenkom", seit sy.
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort op It Amelân