Gjin tsiismakkerij of bierbrouwer, mar seis wenten yn Greidhoeke Katedraal yn Lollum

Gjin tsiismakkerij, gjin bierbrouwer en ek gjin retrêtesintrum, mar wenten moatte der komme yn de Greidhoeke Katedraal fan Lollum. Fiif jier lang kamen der minsken mei plannen nei Lollum ta, want de hûndert jier âlde grifformearde tsjerke leechstiet en fertutearzet.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
It opknappen fan dizze saneamde Nauta-krústsjerke mei syn Adema Oargel kostet sa'n fiif ton, en dat hâldt in protte minsken tsjin. Ek kaam de lanlike omrop EO lâns mei in spesjaal programma. Dêr kamen trije plannen út, mar net ien waard konkreet. It bestjoer fan de behearstichting hat no sels in plan útwurke foar seis smûke wenten mei binnenhof en toer.
En dat plan waard tongersdei presintearre foar in grutte groep doarpsbewenners. Dûmny Liuwe Westra joech it alfêst syn segen: "It soe skande wêze as dit gebou der net mear stiet. It is werklik in unyk gebou", seit Westra. "In tsjerke is hout en stien en God wennet der as de minsken der wenje. Hjir komme no wer minsken yn, dus dan komt it mei de rest ek wol goed."

Jongerein en âlderein

Neffens plannemakker Sjoerd van der Kuur binne de wenten straks poerbêst geskikt foar jongerein en âlderein. It is no de bedoeling dat de mienskip earst 250 tûzen euro by inoar bringt. Mei dit jild kin it hiele proses yn gong setten wurde.
Ferslachjouwer Willem de Vries wie yn Lollum