Petra de Bruijn runt Bêd en Brochje Lauwerswille yn Kollumerpomp. Of, sa't se it sels neamt, de Bed & Breakfast. Want har gasten komme oeral wei. "Se komme foaral út de Achterhoek en de Rânestêd, mar ek út de Feriene Steaten, Dútslân en Denemarken", fertelt De Bruijn. Op har terrein hat se in pipowein stean foar minsken dy't echt graach de rêst opsykje wolle. "Ik ha minsken hân dy't seiden dat se net sliepe koene fanwege de stilte."
Binnen hat De Bruijn in winkeltsje mei Frysk guod en mei keunst fan har bern. "We hawwe ek foto's fan it doarp. Minsken dy't fan fierder fuort komme, wolle faak wol wat witte fan de skiednis fan it doarp." Gasten kinne op it terras fan Lauwerswille telâne foar in bakje tee, kofje, fris en in stikje oranjekoeke.
Petra de Bruijn fan Bêd en Brochje Lauwerswille