Heech wetter bedriget fûgel-eilân by Holwert

It wetter yn de Waadsee stiet sa heech dat in spesjaal fûgel-eilân by Holwert gefaar rint. It giet om in eilantsje yn in dobbe, net fier fan de pier. Ofrûne wike skreau boskwachter Henk-Jan van der Veen fan Steatsboskbehear noch optein oer de bried-resultaten op it eilân, mar no hâldt er syn hert fêst.
Heechwetter bedriget fugeleilan Holwert
Van der Veen liet op Twitter witte: "Hoogwater, +180 op dit moment. Voor de vogels op het broedeiland wordt het vandaag spannend. Houden ze het net droog of gaan ze kopje onder?" En sa'n twa oeren letter: "Spannend is het zeker. Achter deze klep is het peil 20 cm hoger. Het zeewater perst zich door de duiker van deze zomerdijk richting het eiland."
"Vandaag is het toch een herfstdag midden in de zomer," seit Van der Veen. "We zitten op dit moment op de 1.90 meter. Dat betekent dat de lage delen van de kwelder er inmiddels onder lopen. Al dat hoge water perst zich een weg door die kreken, dus dat komt hier terecht."

Hoopje op gelok

Neffens de boskwachter binne de omstannichheden wol bysûnder. "Laat ik nou net even geleden een blog hebben geschreven over het broedsucces op dit eiland. En gisteren ik op de hoogwaterberichten 1.90 meter staan. Ik dacht: dat wordt krap. Dat blijkt ook, want dat water wurmt zich een weg door de duiker op weg naar het broedeiland. Het is spannend. Ik hoop dat het droog zal blijven, maar het scheelt niet veel. We zitten nu tegen de piek aan. Als het water weer zakt straks, hebben we misschien geluk dat we net op de goede kant van de knik zitten. Maar de lage stukken kunnen zo overstromen. Je hebt wel vaker te maken met hoogwater in de zomer."

Swartkopmiuwen

It giet om de eastkwelder by Holwert, dêr leit it briedeilân dêr't foar it tredde jier op 'e rige in soad fûgels sitte. It giet dit jier om kobben, wytstirnsen en swartkopmiuwen, mar der komme ek in soad bûnte wilsters, leppelbekken en bercheinen. It eilân is yn 2016 oanlein, it skulpebêd is populêr by Waadfûgels. "Dit jaar is een bijzonder jaar, want we hebben kokmeeuwen. Wel 175 paar ongeveer. Maar ook visdiefjes en een zwartkopmeeuw, die laatste is nieuw," leit Van der Veen út. De Nederlânske populaasje bestiet mar út goed 3.000 briedpearen. Se sitte benammen yn de Siuwske Delta en om de Iselmar hinne. Dêrom is it moai dat de fûgel ek by Holwert sit.
Boskwachter Henk-Jan van der Veen fan Steatsboskbehear
© Twitter Henk-Jan v/d Veen